Seegemalen by Roptasyl en Swarte Haan wurde opknapt

29 jun 2015 - 11:40
  • Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

Wetterskip Fryslân is dwaande mei in grutskalige opknapbeurt fan de twa seegemalen Roptasyl by Pitersbierrum en H.G. Miedema by Swarte Haan. By it gemaal Roptasyl wurdt wurke oan in nije pomp dy't fisk mei help fan in waaier passearje lit. Earder kamen in soad fisken om as se yn pomp telâne kamen.

Nei de renovaasje kinne de gemalen der neffens it Wetterskip wer 20 jier tsjinoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)