Seefûgels dea troch kabels

13 aug 2008 - 22:06
  • Deade seefûgels ûnder de kabels
  • Op ynspeksje by De Wierde

Seefûgels fleane har massaal dea tsjin heechspanningskabels by it yndustryterrein Haskerveen yn Aldehaske. Hast alle dagen helje meiwurkers fan de diere-ambulânse de Tjonger fan It Hearrefean deade fûgels op.

De bisten fleane by de kabels op as se fan it stoart De Wierde nei it wetter fleane wolle. De diere-ambulânse hat de Dierenbescherming frege yn te gripen. Kleurde ballen oan de kabels soe in oplossing wêze kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)