Seefûgel fêst yn fisktried

18 nov 2011 - 15:39

In seefûgel is freed yn Ljouwert troch de brânwacht en de diere-amulânse út in nuodlike posysje helle. De fûgel siet al twa oeren mei syn wjuk fêst yn in stik fisktried. Yn de Tichelstrjitte kaam de tried fêst te sitten oan twa beamtoppen. De seefûgel koe dêrtroch gjin kant mear út en bleau tusken de beammen hingjen.

In foarbygonger seach dat en warskôge de helptsjinsten. Mei in heechwurker koene se by de fûgel komme en de tried trochknippe. Omdat it bist útput wie, slagge dat goed. De seefûgel is meinaam troch de diere-ambulânse en nei de fûgelopfang brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)