Seedyk Westhoek wurdt oanpakt

26 feb 2008 - 13:06

Wetterskip Fryslân wol noch foar it begjin fan it stoarmseizoen op 1 oktober it stik dyk Koehoal-Westhoek ûnder Easterbierrum opknappe.

Oars driget de feiligens dêr earnstich yn gefaar te kommen. De asfaltlaach op de dyk is net goed mear. It opknappen fan de dyk kostet mear as 5,5 miljoen euro. Der wurdt gebrûk makke fan in ferkoarte proseduere om it wurk op tiid begjinne te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)