Seedyk fan Skylge fersterke

30 okt 2001 - 00:00

Skylge is wer feilich. De seedyk fan it eilân is fersterke. It projekt hat fiif jier duorre. De seedyk foldocht no oan de Delta-easken.

Dat wol sizze dat de seespegel noch wol 25 sentimeter heger wurde kin sûnder dat it eilân yn gefaar komt. De fersterking fan de seedyk hat hast 52 miljoen gûne koste. Steatssekretaris De Vries wie by de offisjele ôfsluting fan it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)