Seedyk Amelân wurdt oanpakt

24 feb 2009 - 11:52

Wetterskip Fryslân hâldt begjin maart in foarljochtingsbyienkomst oer it ferbetterjen fan de seedyk op It Amelân. Dy seedyk foldocht net oan de easken foar superstoarmen, dy't ien kear yn de 2000 jier foarkomme kinne.

It plan om de seedyk oan te pakken leit fan begjin maart ôf op besjen by de gemeente, de provinsje Fryslân en by it Wetterskip. It plan wurdt taljochte yn de byienkomst op it eilân. Op It Amelân is sa'n sechtjin kilometer seedyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)