Seedyk Amelân net feilich mear

22 maaie 2007 - 23:24

De Waadseedyk fan Amelân wurdt foar hast 40 miljoen euro fersterke. By ûndersyk yn 2005 die bliken dat de dyk in superstoarm net goed trochstean sil.

De stiennen beklaaïng en gêrsmatte binne net sterk genôch. Likegoed is der neffens it Wetterskip no gjin akuut gefaar foar de feilichheid. Oer 16,5 kilometer wurdt de dyk oan de Waadseekant ferbettere. Oar jier giet it wurk los.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)