Seedorf mei by Cambuur bliuwe

29 jan 2008 - 14:23
  • Chedric Seedorf spilet it kommend healjier op amateurbasis foar Cambuur

Cedric_Seedorf mei him it kommend healjier by Cambuur bewize. De middenfjilder waard de ôfrûne twa dagen testen troch de Ljouwerters. Dat foldie fan beide kanten goed en Seedorf hat dêrtroch in konktrakt op amateurbasis fan in healjier krigen.

Cedric_Seedorf is de jongere broer fan Clarence_Seedorf, de stjer fan AC Milan. Cedric hat ûnder oare by de jeugd fan Ajax, Inter_Milan en Real Madrid spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)