'Seediken net heech genôch'

18 nov 2004 - 12:55

Fryslân moat kontrolearje oft de seediken wol heech genôch binne. Om't de boaiemdelgong grutter is as ferwachte, wurdt it wetter in bedriging foar it lân.

In ûndersyksburo hat ûndersyk dien nei boaiemdelgong. Benammen by de kust sille der problemen ûntstean om't de grûn op plakken wol 40 sintimeter dale kin. De wetterpeil giet nei ferwachting mei 60 sm omheech. Dat betsjut dat it seewetter mei in meter omheech komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)