Seebonken krije eigen gebou

12 aug 2009 - 20:18

Yn it sintrum fan Harns komt in gebou dêr't studinten fan de Maritieme Academie yn wenje kinne. De akademy en de wenningstifting sykje no út hokker gebou geskikt is foar de húsfesting fan 24 studinten. Learlingen fan RSG Simon Vestdijk dy't fan de eilannen komme, kinne dêr ek in keamer krije.

De ekstra romte is nedich omdat it âlde gebou fan de Simon Vestdijk-skoalle, dat ferline jier folslein ferboud waard, no al wer te lyts is. Boppedat binne der minder gastgesinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)