Seeboaiem by It Amelân sakket hurder as ferwachte

30 nov 2015 - 19:09
  • Boarplatfoarm by It Amelân

De seeboaiem tusken It Amelân en Skiermûntseach sakket hurder as ferwachte. Dat konstatearret in kommisje dy't ynsteld is troch it ryk. As de rappere delgong sa trochgiet, moat de gaskraan fierder ticht.

Gaswinning ûnder it Waad is ea tastien op betingst dat de gaskraan tichtdraaid wurde soe, as it te mâl gean soe mei de delgong. Dy giet no hurder as ferwachte, mar de delgong bleau yn 2014 noch wol binnen de noarmen. It is de earste kear dat gaswinning ûnder it Waad beheind wurde moat.

It gebiet dêr't de rappere delgong konstatearre is, hjit it Pinkegat. Dêr lizze de gasfjilden Amelannerfjild en it Nesfjild. De kommisje foar de miljeu-effektrapportaazje ûndersiket de boaiemdelgong troch gaswinning fan de NAM. Oan de winning sit in maksimum. Sakket de boaiem te folle of te hurd, dan mei der minder gas út de grûn helle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)