See-earnen Lauwersmar ringe

21 maaie 2013 - 18:56
  • De see-earnen yn it Lauwersgebiet

Meiwurkers fan Steatsboskbehear en Sovon Vogelonderzoek ha tiisdei twa jonge see-earnen yn it Lauwersmargebiet ringe. Dêrby waard dúdlik dat it om twa wyfkes giet, dy't elk goed 3 kilo weagje. It ringjen is wichtich, omdat dêrmei fan in ôfstân goed te sjen is om hokker fûgels it krekt giet. De jonge fûgels sille noch goed in moanne op it nêst bliuwe. It nêst is net te benaderjen foar publyk, mar fanôf de fûgelrûte op de Pompsterplaat wol sichtber fan ûngefear 2 kilometer ôfstân.

Der binne troch de meiwurkers oerbliuwsels fan ûnder mear markels en fisken út it nêst meinommen, om der achter te kommen wat de jonge fûgels te iten krije. Sovon-meiwurker Romke Kleefstra ferwachtet dat der fan it Lauwersmargebiet út, mear see-earnen in plakje sykje sille om te brieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)