See-earnen hawwe nij nêst yn Lauwersmargebiet

25 feb 2015 - 22:18
  • De see-earnen yn it Lauwersgebiet

De see-earnen dy't yn it Lauwersmargebiet sitte, hawwe in nij plak foar in nêst fûn. It pearke hat him nestele op de Sennerplaat, in gebiet dat foar minsken hast net te berikken is. Dat is goed, seit boskwachter Jaap Kloosterhuis, want yn dizze tiid lizze see-earnen harren aaien en binne se dus ek it meast kwetsber.

It liket dêr no op dat de see-earnen dat al dien hawwe. Neffens Kloosterhuis bliuwt ien fan de twa fûgels konstant op it nêst en dat soe betsjutte kinne dat der in aai lein is. Steatsboskbehear hâld it pear ekstra yn de gaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)