Sedesaak libbet net op skoalle

10 okt 2013 - 15:55

Skoalbern stean kwalik stil by de grutte sedesaak dy't woansdei oan it ljocht kaam is. Op de skoalpleinen wurdt der hast net oer praat. In 48-jierrige man út Cuijck wurdt derfan fertocht dat hy in lytse 300 famkes oansetten hat ta seksuele hannelings foar de kamera. Alve fan har soene ek fysyk misbrûkt wêze. Mei-inoar bin der mear as 100.000 foto's en goed 26.000 filmkes fûn. Op skoallen yn Fryslân komt it ek geregeld foar dat foto's rûngean.

Neffens de jeugd sels soene skoallen noch mear dwaan moatte oan previnsje en foarljochting..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)