Sedesaak Harns foar rjochtbank

09 feb 2012 - 16:38
  • Justysje

De 27-jierrige fertochte fan in sedesaak yn Harns wist net dat wat er die, ûnder seksueel misbrûk falt. Dat sei er foar de rjochtbank yn Ljouwert. De man liet jonges út de buert by him thús komme en frege se om op syn liif stean te gean. Se moasten dan in 'aginda' ôfwurkje: fia de búk, skonken en earms nei it geslachtsdiel fan de fertochte. Hy filme en fotografearre dat.

Mei-inoar die er dat mei acht jonges ûnder de 16 jier. Yn guon gefallen joech de fertochte kadootsje oan de slachtoffers. De saak kaam yn oktober 2011 oan it ljocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)