Sedefertochte mei net nei hûs

10 okt 2007 - 15:39

De 47-jierrige Jouster dy't berneporno sjen litten hat oan twa jonkjes, komt moandei frij, mar mei net werom nei hûs. Hy krijt in ferbliuwsferbod foar De Jouwer en moat him opnimme litte foar behanneling.

Allinne ûnder swiere betingsten mei de man yn frijheid syn rjochtsaak ôfwachtsje. Hy sit sûnt 2 september fêst omdat de rjochtbank it risiko op herhelling te grut fûn om him nei hûs gean te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)