Sechstich minsken oanwêzich op ynformaasjejûn yn Feanwâlden

18 feb 2016 - 20:41

Sa'n sechstich minsken binne tongersdeitejûn yn fersoargingstehûs Talmahoeve yn Feanwâlden ôfkaam op de ynformaasjejûn oer in mooglike tydlike opfanglokaasje foar maksimaal 300 flechtlingen. Dy moat komme op yndustryterrein De Swette. De jûn wie bedoeld foar de direkte omwenners. Der wienen in soad fragen dêr't soargen út nei foaren kamen, mar ek begryp. De oanwêzigen lieten wol witte dat se fine dat de gemeente Dantumadiel soarchfâldich hannelet.

Ferfolch

Takom wike woansdei is der in gearkomste foar alle ynwenners fan Feanwâlden. Op 22 maart is der dan noch in saneamd 'rondetafelgesprek'. Op 5 april moat de ried in beslút nimme. It hiele bestjoer fan de gemeente Dantumadiel wie oanwêzich. Ek de plysje beäntwurde fragen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)