Sechstich ljipaaien stellen

15 apr 2013 - 20:16
  • Ljipaai

Ut de skriezekrite by Skûlenboarch binne dit wykein hast alle nêsten fan ljippen leechhelle. Mear as sechstich aaien binne meinaam. Neisoargers hiene by goed 25 nêsten stokjes delsetten, omdat de boer graach it lân op woe.

De oare deis soene se de lêste nêsten opsykje. Mar doe't se oankamen, die bliken dat alle aaien út de markearde nêsten fuort wiene. Neffens behearsregisseur Germ de Vries fan it greidefûgelkollektyf Noardlike Fryske Wâlden Skûlenboarch is it minskewurk, omdat by de nêsten grutte fuotstappen yn de grûn stiene.

Tiisdei wurdt oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)