Sebastiaan Schippers nominearre foar bêste oargelist

20 mrt 2016 - 12:32

Sebastiaan Schippers fan Sumar is nominearre foar de titel fan bêste oargelist fan Nederlân. Schippers wurket as musikus yn de protestantse gemeente fan Burgum, is oargelist yn Trynwâlden en Eastermar en is dirigint fan koaren yn Hurdegaryp, Ljouwert-Huzum en Lollum.

De ferkiezing is in inisjatyf fan Nederland Zingt fan de EO. Schippers sit al yn de twadde ronde. Tegearre mei it oardiel fan de sjuery bepaalt it publyk hokker trije kandidaten nei de finale gean. Der kin oant en mei 23 maart stimd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)