Searje ynbraken ûndersocht

18 feb 2012 - 12:25

De plysje ûndersiket wenningynbraken yn Tsjom, Mullum, Penjum, Ljouwert en trije ynbraken yn Wolvegea. De ynbrekkers kamen binnen troch in rút of doar te forsearen. Der binne jildbedraggen en kompjûters stellen. By de ynbraken yn Wolvegea wiene de ynbrekkers út op sieraden. It ynbraakteam fan de plysje docht ûndersyk. Yn Wolvegea binne yn de nacht fan tongersdei op freed ek noch trije bestelbuskes iepenbrutsen, dêrby is in soad ark stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)