Searje autokraken oplost

24 nov 2000 - 10:34

De plysje Mid-Fryslân hopet mei de oanhâlding fan in Ljouwerter (33) de 'frontsjedief' fan autoradio's snipt te hawwen. Bekend hat de fertochte noch net, mar sûnt de arrestaasje is it tal autokraken signifikant tebekrûn.

De lêste pear moanne binne 185 auto's iepenbrutsen. Steefêst naam de dief it 'front' fan 'e autoradio's mei dat earne yn 'e auto ferstoppe lei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)