Sealfuotbalfroulju út de beker

13 apr 2013 - 00:56
  • Drachtster Boys

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys lizze út it lanlike bekertoernoai. Yn Drachten waard de heale finale tsjin Pernis út Schiedam mei 6-3 ferlern. De ploech fan trainer Jos Alkema kaam wol op foarsprong, mar Pernis naam de rezjy oer en stie by it skoft mei 4-1 foar. Yn de twadde helte kaam Drachtster Boys twa kear werom op twa punten, mar Pernis skoarde dan fuortdaliks dêr oerhinne. Yn de kompetysje hiene de Drachtsters in kear wûn en in kear lykspile tsjin Pernis. Ferline seizoen wie de heale finale ek it einstasjon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)