Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys winne fan koprinner

06 feb 2015 - 23:02
  • De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys wûnen freedtejûn de útwedstriid mei 4-2 fan koprinner OS Lusitanos. By rêst like de koprinner út Amsterdam ôf te gean op de safolste oerwinning, want Lusitanos naam in 2-0 foarsprong by it skoft.

Nei rêst wienen de rollen omdraaid en draaide de ploech fan trainer Jos Alkema de efterstân om yn in 4-2 oerwinning. Trije Drachtster treffers kamen op namme fan Jessie Prijs en Marleen Reenders makke ien doelpunt.

Mei de oerwinning rinne de Drachtster sealfuotbalfroulju fierder yn op koprinner Lusitanos. It ferskil is no noch twa punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)