Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys ferlieze bekerfinale

25 mrt 2016 - 20:32

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys binne der wer net yn slagge in finale te winnen. Yn de bekerfinale ferlearen se mei 1-0 fan Os Lusitanos út Amsterdam. Yn de Sporthallen Zuid yn Amsterdam wie it in minne wedstriid en lang like it der op dat der net skoard wurde soe. Lotte Donath fan Drachtster Boys miste by in stân fan 0-0 in penalty. Nei min ferdigenjen, skoarde Gilanne Louwaars fiif minuten foar tiid de iennige goal.

It siet de froulju fan Drachtster Boys net mei; se rekken mar leafst trije kear de peal.

Oant no ta wisten de Drachtster Boys hieltyd krekt gjin priis te pakken, trochdat se de finale foar de beker of yn de kompetysje de titel hieltyd fuort joegen. Yn de kompetysje ha de Drachtster Boys ien punt mear as Os Lusitanos en meitsje beide ploegen noch kâns op de Nederlânske titel. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)