Sealfuotbal: H'fean wint fan Urk

22 jan 2004 - 00:00

Hearrenfean hat woansdei mei 10-6 Urk ferslein yn it sealfuotbal. Marcel Schutz skoarde fjouwer kear en Harish Sharma trije kear, mar dêrfan bedarre der ien yn it eigen doel. Oare doelpuntemakkers wiene Jelco Oosterhof, Arnaud Donkers en Guido Broers.

De Feansters spilen in goede earste helte en kamen op in rêststân fan 6-1. Yn de twadde helte liet de ferdigening wat gatten falle. Hearrenfean stiet no earste yn de sealfuotbalkompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)