Sealfuotbal: Avanti wint wer

01 feb 2003 - 00:00

Sealfuotbalklup Avanti fan Stiens wûn freed yn eigen hûs fan konkurrint Schattenberg út Assen mei 2-1. Troch dizze winst bliuwt Avanti koprinner yn 'e haadklasse mei goeie kâns op promoasje. De wedstriid kaam stadich op gong. Mei rêst stie it noch 0-0.

Nei rêst skoarden Tjalling van der Meulen 1-0 en Jeffrey de Groot 2-0. Avanti is mei in goed seizoen oan 'e gong, want de Stiensers wûnen earder ek al de Midwintercup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)