Sealen Schaaf kin jier foarút

12 jun 2013 - 10:35
  • Sealesintrum Schaaf

Sealen Schaaf kin foarearst iepenbliuwe. Dat is tiisdei ôfpraat yn de ried fan Ljouwert. Muzyksintrum Schaaf yn de Breedstrjitte is in pear jier lyn kocht troch de gemeente. It doel wie it gebou ôf te brekken en der apparteminten foar yn it plak te bouwen. Der waard in hantekenaksje holden om de plannen tsjin te hâlden: 'Schaaf mut blieve'.

Yntusken stiene ek de plannen fan de gemeente op in leech pitsje. Tiisdei is besletten om, salang net dúdlik is wat der mei it gebiet gebeure sil, Sealen Schaaf iepen te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)