Seaddehûs Furdgum ynstoart

30 nov 2013 - 10:52
  • Seaddehûs yn Furdgum ynsakke

It seaddehûs yn Furdgum is freedtenacht foar in part ynstoart. It seaddehûs is in rekonstruksje fan huzen sa't dy yn de 8e ieu yn Fryslân stiene. It hûs is fiif moanne ferlyn oplevere nei't der in jier lang oan boud wie.

It foarste part fan it hûs is yninoar fallen. Archeolooch en inisjatyfnimmer Daniël Postma hat noch gjin idee hoe't dat kin. Mooglik binne de muorren begûn te skowen, mar it kin ek wêze dat it dak ynstoart is en de muorren meinaam hat. Der waard de lêste tiid in soad stookt om it focht yn de muorren te ferdriuwen.

Der wie freedtenacht net ien yn it hûs oanwêzich, doe't it gebou ynstoarte. Foarearst is it hûs, dat stiet by de Yep Hettingaskoalle yn Furdgum, net mear tagonklik foar publyk. Postma wol ûndersykje wat der misgien is. Hy is op it stuit dwaande mei in boek oer it seaddehûs.

It hûs waard boud mei help fan frijwilligers. De seadden waarden stutsen op it Noarderleech by Hallum. Archelooch Daniël Postma hat ûnder oare yn Skotlân en Yslân west om de tradisjonele bou fan seaddehuzen te ûndersykjen.

Inisjatyfnimmer Jan Vonk fan it Yeb Hettingamuseum wol dat it seaddehûs opnij opboud wurdt. Fiif jier lyn kaam hy mei it plan om in rekonstruksje te meitsjen fan de huzen sa't dy yn de 8e ieu yn Fryslân stiene. Foar it kommend jier wiene ferskate ekskurzjes pland foar skoalklassen. Dy kinne no foarearst net trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)