Scouts dogge putsjes op Flylân

29 sep 2012 - 11:21
  • Dunegebiet Flylân

In groep fan hûndert jonge scouts is op Flylân om putsjes foar Steatsboskbehear te dwaan. It giet ûnder oare om it werstel fan it dúnlânskip, de oanlis fan in wetterpoel foar fûgels en it oprêden fan guod dat minsken lizze litten hawwe.

It is de earste kear dat sa'n dei hâlden wurdt op it eilân. Scouting Nederland en Steatsboskbehear hawwe it op tou set. It doel is om de jeugd mear by de natuer te belûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)