Scoutinggroep ferwideret beamkes út heide op natuerwurkdei

07 nov 2015 - 13:11
  • De paadfinerbern stean klear om de beamkes fuort te heljen
  • By Lauswolt wurdt in beam fuorhelle

Bern fan in scoutinggroep helje beamkes fuort út de heide en in mountainbikegroep leit in eigen fytspaad oan by Beetstersweach. Dat binne in pear ûnderdielen fan de Nasjonale Natuerwurkdei dy't sneon hâlden wurdt. Sânhûndert frijwilligers binne op goed 21 plakken dwaande yn de natuer. Sy binne útsein yn de natuer by Beetstersweach ek oan it wurk De Deelen by It Hearrenfean en yn de Flintertún op De Lemmer.

"Sûnder frijwilligers is de natuer folle minder oantreklik", seit Jan Piet de Boer, koördinator fan de Fryske Natuerwurkdei.

As der gjin lânskipsbehear mear is, is it folle minder oantreklik om yn de bosk te rinnen of om bygelyks te hynsteriden troch de natuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)