Scoubidou-toutsjes noch te keap

30 jul 2004 - 12:08

De populêre scoubidou-toutsjes binne noch hieltyd te finen yn de skappen fan de boartersguodsaken yn Fryslân. Yn de kleurige toutsjes dêr't bern figueren mei meitsje kinne, sitte mooglik gif- tige gemyske stoffen. Dat is gefaarlik foar bern dy't op de toutsjes kôgje.

De Voedsel en Warenautoriteit sil no ûndersyk dwaan. Ferskeidene winkels wachtsje dat ûndersyk earst ôf foardat de scoubidou-toutsjes út de skappen helle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)