Scootmobylrider ferwûne

30 jul 2012 - 10:14
  • Drachten

In 79-jierrige ynwenner fan Drachten is snein yn syn wenplak ferwûne rekke by in ûngelok mei de scootmobyl. Dy foel om en de man bedarre op strjitte. Neffens tsjûgen hie in ûnbekende snorfytser mooglik skuld oan it ûngelok. Hy naaide út. Der is noch besocht him tsjin te hâlden, mar dat slagge net.

De plysje besiket te witten te kommen wa't de snorfytser is, omdat er him net bekroade hat om it slachtoffer en fuortriden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)