Scootmobyl rydt wetter yn

03 jun 2010 - 11:01

In 74-jierrige man út Wikel is woansdeitemiddei yn syn wenplak mei de scootmobyl it wetter ynriden. Dat barde op 'e Heerenhoogweg. In frachtweinsjauffeur seach it en stapte fuortendaliks út om de man te helpen. Hy rêde it op en helje de man út it wetter.

It slachtoffer sei achterôf tsjin de plysje dat er de scootmobyl ynienen net mear yn 'e macht hie. De man is foar kontrôle mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)