Scootmobyl rydt doar stikken

01 maaie 2008 - 16:14

In frou út Ljouwert (49) hat mei har scootmobyl de doarren fan in winkel fernield. Se woe tusken de automatyske skodoarren troch, mar dy wiene noch net hielendal iepen. Se ried der doe mei in flink gonkje tsjinoan. Se sette de scootmobyl yn 'e achterút en ried nochris tsjin de doarren oan. Dêrnei naaide se út.

In tsjûge hie it kenteken opskreaun en sa koe de plysje har oanhâlde. De frou ûntkende, mar de oanriding wie dúdlik te sjen op bewakingsbylden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)