Scootmobyl de sleat yn

18 sep 2008 - 10:11

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok yn St._Anne wêrby´t in man (83) op in scootmobyl ferwûne rekke. De man ried oer de Langhústerwei, doe´t der trije jonge fytsers oankamen. De jonges giene net oan ´e kant, wêrtroch´t de man op ien fan de trije klapte. De groep fytste troch en de man rekke mei syn scootmobyl yn ´e sleat neist de dyk.

It slachtoffer is mei ûnderkuollingsferskynsels nei sikehûs MCL brocht. De plysje is no op syk nei de trije jonge fytsers en ek nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)