Scootmobyl 86-jierrige fernield

21 jul 2004 - 09:37

Foar de 86-jierrige Fisher út Drachten hat him in drama ôfspile. Hy kin it hûs net mear út omdat dit wykein syn scootmobyl stellen is. Moandei waard syn scooter werom fûn yn de fiver by de wettertoer yn Drachten.

De scootmobyl wie folslein fernield en foar in part útbaarnd. De plysje stelt in ûndersyk yn. Yntusken wachtet de dupearre Fisher op in nije scootmobyl. De man sit salang twongen thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)