Scootmobilen stellen út âldereinflat Ljouwert

22 jan 2015 - 08:58

By in âldereinflat oan De Dulf yn Ljouwert wurde de lêste tiid scootmobilen stellen. De scootmobilen wurde stellen út de hal fan it gebou. Tiisdeitejûn waard it tredde eksimplaar troch dieven meinaam. It giet om in mobyl fan it merk Winner. De blauwe scootmobyl hat it kenteken ZMR-930.

Earder waarden der ek al twa scootmobilen meinaam út wennings by it Bonifatiusplein. De plysje freget tsjûgen harren te melden en docht ûndersyk nei de stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)