Scooterrider slimferwûne

16 apr 2012 - 15:10

In scooterrider is tusken de middei slim ferwûne yn Ljouwert. It ûngelok barde op de rotonde yn de Snitsertrekwei en de Heliconwei. Nei alle gedachten krige de scooter foarrang fan in automobilist, mar hie in twadde automobilist dat net yn de gaten en ried dy de scooter oan.

De bestjoerder klapte hurd op de dyk en rûn holleletsel op. De traumahelikopter hat it slachtoffer nei it sikehûs fan Grins brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)