Scooterrider oanriden

15 maaie 2013 - 06:30
  • By it ûngelok wie drank yn it spul, sa seit de plysje.

In 22-jierrige scooterbestjoerder is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Hurdegaryp. Op in krusing kaam de scooterrider yn botsing mei in auto, dy't him gjin foarrang joech. De auto waard bestjoerd troch in frou fan 54 jier. By plysjekontrôle die bliken dat se alkohol hân hie. De plysje hat har rydbewiis ynnommen.

Ambulânsepersoniel hat de scooterrider holpen oan syn ferwûnings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)