Scooterrider ferwûne rekke

27 mrt 2007 - 12:08

By in oanriding yn Drachtster Kompenije is moandei in scooterrider (17) út Surhústerfean ferwûne rekke. Hy waard op de Folgerster Loane oanriden troch in auto bestjoerd troch in frou fan 35 jier út Drachten. De frou woe de dyk opride, mar joech dêrby gjin foarrang oan de scooterrider.

De jonge foel mei syn scooter en rekke dêby ferwûne. Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)