Scooterrider ferwûne by Dokkum

12 sep 2009 - 14:09

In 16-jierrige scooterrider út Hantum rekke freedtejûn ferwûne by in ûngemak op de Holwerterdyk by Dokkum. In automobilist sloech ôf nei rjochts, mar seach de brommerrider oer de holle.

Dy ried fol yn de sydkant fan de auto. Plysjes seagen it ûngemak barren en ferlienden fuortdaliks earste help oan it slachtoffer. De jonge is nei it sikehûs yn Dokkum brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)