Scooterdief botst mei eigner

16 jun 2010 - 10:06
  • De scooterdief is der fantroch, de plysje giet der achteroan (foto: Anton Kappers)

In scooterdief (21) út Ljouwert is tiisdeitemiddei op in bysûndere wize trapearre. De man ried mei hege snelheid yn in bocht op de Pilotenespel. Hy ferlear de macht oer it stjoer en botste tsjin de auto fan de eigner fan de scooter, in Jelsumer (19). Doe't dy de plysje belle, naaide de scooterdief út mei help fan freonen.

De plysje sette in Burgernetaksje op en koe de dief mei help fan tsjûgen oanhâlde yn in wenning oan de Achter de Hoven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)