Scooter hellet bus rjochts yn

27 nov 2011 - 15:42

In scooterrider út Ljouwert hat sneontenacht foar in soad opskuor soarge yn Bitgum. De 16-jierrige jonge ried 100 kilometer yn de oere oer in dyk dêr't er mar 60 mocht. By in bushalte moast er útwike foar in stilsteande bus. Hie woe der rjochts omhinne, mar dêr stiene passazjiers dy't krekt útstapt wiene. De scooterrider gie ûnderút, mar stapte ek rap wer op.

Yn it doarp ried er tsjin in parkearde auto oan. Doe't er in dearinnend strjitsje ynried, koe de plysje him oanhâlde. Op it buro die bliken dat er tefolle dronken hie en gjin rydbewiis sjen litte koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)