Scooter botst op taksy

14 jun 2014 - 14:17
  • Taksy

In 20-jierrige ynwenner fan Twizel is freedtemiddei op de Johannes Bogermanstrjitte ferwûne rekke. Hy botste mei de scooter achterop in taksy.

It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. In passazjier achterop de scooter rekke net ferwûne. In spesjaal ferkearsûndersyksburo sil ûndersykje oft de scooter technyske mankeminten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)