SCO wint fan Drachten

07 jun 2008 - 21:52

De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea binne tichtby noch in jier yn de haadklasse. SCO wûn de earste beslissingswedstriid yn en tsjin Drachten. Yn in minne wedstriid wûn SCO mei 12-7. Yn de earste helte kaam Drachten mar twa kear ta skoaren. De stân by rêst wie 6-2 foar SCO.

Pikant detail wie dat Kraan de funksje as coach fan Drachten oernaam fan Mulder. Kraan hat lang by SCO spile en is ek noch lid. Mulder wie der net troch famylje-omstannichheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)