SCO ûntslacht trainer

01 des 2004 - 11:05

Trainer Mike Vlietstra fan kuorbalferiening SCO út Oldeholtpea hat dien krigen. De resultaten fan de ôfrûne tiid wiene neffens it bestjoer net goed genôch. SCO ferlear yn de lêste trije wedstriden twa kear. Ek spile mei dat de trainer net mear sa goed mei de spilers oerwei koe.

Vlietstra syn taken wurde oernommen troch Sake Koelma, no trainer fan de B-spilers fan SCO. Hy docht dat foar de rest fan it seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)