SCO ûnderút by Wageningen

12 okt 2014 - 16:50
  • SCO

De kuorballers fan SCO gongen snein mei 19-13 ûnderút yn en tsjin Wageningen. SCO moast al betiid yn de efterfolging. Fan 2-2 rûn Wageningen út nei in 7-2 foarsprong. Mei treffers fan Jantine Hoogeveen en Frank van de Veen rûn SCO de efterstân wer wat yn. By 7-5 wie it op 'e nij de thúsploech dy't de foarsprong útwreide oant 12-6 by it skoft.

Nei rêst slagge de ploech fan trainer Aagle Frieswijk der net yn dy efterstân yn te rinnen. Wageningen rûn ienfâldich út nei 19-11. SCO'ers Mike Hegie en Peter Jan Koenrades soargen foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)