SCO ûnderút by Unitas

19 jan 2014 - 13:23

De kuorballers fan SCO ha sneontejûn mei 27-16 ferlern fan Unitas. Yn Hurderwyk koe SCO oant 9-8 knap bybliuwe, mar moast dêrnei de oansluting gean litte. Foar rêst rûn Unitas út nei 14-8. Yn de twadde helte wienen de kuorballers út Aldeholtpea net by machte it ferskil lytser te meitsjen. Unitas rûn fan 16-10 út nei 22-14. Dêrmei wie it ferset brutsen en koe de thúsploech in ienfâldige oerwinning byskriuwe.

SCO stiet noch altyd yn de middenmoat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)