SCO sterkste yn derby

28 nov 2010 - 14:33

De Fryske kuorbalderby tusken SCO en Drachten yn de haadklasse A is sneontejûn wûn troch SCO út Aldeholtpea. Yn de sporthal fan Wolvegea wie SCO mei 26-19 te sterk foar de Drachtsters, dy't in minne start ha fan it sealseizoen. De earste trije wedstriden waarden ferlern.

SCO stiet mei twa punten op plak seis. Snein kuorbalje yn deselde haadklasse de Fryske klups Mid Fryslân en LDODK noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)