SCO pakt lykspul tsjin DOS'46

12 jan 2014 - 14:32
  • SCO spilet lyk tsjin DOS'46

De kuorballers fan SCO binne de earste kompetysjewedstriid yn it nije jier sneon úteinset mei in 18-18 lykspul tsjin DOS '46. Yn sporthal De Oolde Steense yn Wolvegea namen de kuorballers út Aldeholtpea brutaal de lieding. De nûmer fjouwer út Nijeveen wist de oansluting foar rêst lykwols wer te finen. By in 9-9 tuskenstân sochten beide ploegen de klaaihokken op.

Nei it skoft sloech DOS '46 in lyts gatsje, mar dêrnei naam SCO de lieding op 'e nij oer. Yn in spannende slotfaze ûntrûnen beide ploegen inoar net mear en waarden de punten dield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)